Geitefok hat dochs stunt

01 jan 2014 - 04:43

De Geitefok yn Aldeberkeap hat dit jier dochs in stunt úthelle. Fan de rjochter mochten se eins twa jier lang gjin stunts úthelje nei it stellen fan de ringen fan it Olympysk Stadion. Pas oer in jier meie se wer. Dochs kaam âldjiersploech de Geitefok mei in trekker en wein troch it doarp. Op de wein hienen se it 400 jier âlde kanon fan Aldeberkeap. Se hiene dus mei guod út eigen doarp tôge. Neffens de Geitefok in foarpriuwke foar takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)