Segene oaljekoeken yn Snits

31 des 2013 - 17:41

Wetter, húsdieren, karavans. Fan alles kin ynsegene wurde yn de Roomske tradysje. Yn Snits waarden op âldjiersdei sels oaljekoeken troch de pastoar segene. Dat gebeurde yn de Roomske Martinustsjerke. Pastoar Peter van der Weide segene sa'n 500 oaljekoeken en appelflappen.

Belangstellenden koenen se foar 27 desimber bestelle. Op âldjiersmoarn hat de bakker de oaljekoeken yn tsjerke besoarge. De opbringst fan de ferkeap is bestimd foar it ûnderhâld fan de tsjerke en it parochyhûs. It wie foar it earst dat der oaljekoeken segene waarden.

Trefwurden: 
Snits oaljekoeken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)