Zwaga stapt op as skipper

31 des 2013 - 17:33
Skûtsje Langwar - Foto: awfoto.nl

Jaap Zwaga fan Grou stapt op as skipper fan it Langwarder skûtsje 'Ut de striid'. Zwaga en it bestjoer fan it skûtsje binne it ûniens oer it belied. "Ik mei as skipper net bepale hokker koers it skip fart en dan hâldt it op", lit Zwaga witte.

In tal bemanningsleden is it mei de skipper iens en is ek opstapt. It bestjoer komt tiisdeitejûn mei in parseferklearing. Zwaga wie sûnt 1 desimber 2011 skipper op it SKS-skûtsje mei de Swan.

Trefwurden: 
skûtsjesilen Jaap Zwaga
(advertinsje)
(advertinsje)