Gjin Spelen foar Oenema

Reedrydster Thijsje Oenema giet definityf net nei de Olympyske Spelen. Dat is it gefolch fan it beslút fan de KNSB om de ploech foar Sotsji net mear oan te passen. Yvonne Nauta komt neffens de seleksjekommisje net yn oanmerking foar in oanwiisplak op de 3 kilometer.
Nauta hat de ôfrûne twa jier ûnfoldwaande prestearre op ynternasjonale wedstriden, sa is de konklúzje. As dit beslút yn it foardiel fan Nauta útpakt hie, moast Annouk Van der Weijden op de 3 kilometer thús bliuwe en koe ploechgenoate Oenema as noch mei foar de 500 meter.
Team Liga fan Yvonne Nauta kin noch wol beslute om in saak tsjin de KNSB oan te spannen by de geskillekommisje. Yn dat gefal sil der binnen 10 dagen útspraak komme.