Reedriders foar Sotsji bekend

31 des 2013 - 12:37

De KNSB hat tiisdei de reedriders bekend makke dy't oan de start steane by de Olympyske Spelen yn Sotsji. Der binne net in soad feroarings yn de nammen fan manlju en froulju dy't in startbewiis krigen ha. By de froulju waard bekend makke dat Marrit Leenstra neist de 1000 en 1500 meter ek útkomme sil op de 500 meter.

Ek waarden de nominearre riders foar de ploege-efterfolging bekend makke. By de froulju binne dat Van Beek, De Jong, Leenstra, Ter Mors en Wüst. By de manlju binne Blokhuijsen, Kramer, Verweij en ek Bergsma nominearre.

Pas trije dagen foardat de ploege-efterfolgingop de Spelen begjint, makket ploechlieder Arie Koops de definitive teams bekend.

By de froulju komt Ireen Wüst út op fjouwer ôfstannen: de 1000, 1500, 3000 en de 5000 meter. Antoinette de Jong rydt de 3000 meter. Marrit Leenstra hat trije tickets foar de 500, 1000 en de 1500 meter. Margot Boer stiet oan de start op de 500 en 1000 meter. Yvonne Nauta komt allinnich yn aksje op de 5 kilometer.

By de manlju rydt Sven Kramer de 1500 meter en de 5 en 10 kilometer. Jorrit Bergsma komt yn aksje op de 5 en 10 kilometer. Nij is dat Bergsma ek selektearre is foar de ploege-efterfolging. Neffens ploechlieder Koops hat de rider fan Aldeboarn syn goede foarm tidens it kwalifikaasjetoernoai bewiisd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)