EVT ferliest koart pleit

EVT © ANP
Rederij EVT mei definityf net mear farre nei 1 febrewaris 2014. De rjochtbank yn Den Haach hat it koart pleit dat de EVT oanspand hie tsjin it beslút fan steatssiktaris Mansveld, net honorearre. Mansveld liet yn novimber al witte dat der gjin romte is foar twa feartsjintsten op Skylge. Op basis dêrfan krige de EVT gjin tastimming mear om noch op Skylge oan te lizzen fan 1 febrewaris ôf.
Neffens de EVT wie dit beslút yn striid mei de Europeeske wet- en regeljouwing. Mar de rjochtbank hat it ryk no dochs op alle punten yn it gelyk steld.
Erwin Rob fan de EVT liet begjin desimber by de rjochtsaak witte dat in negatyf beslút fan de rjochter de ein fan de EVT bestsjutte sil.