Sjoerd Huisman ferstoarn

30 des 2013 - 21:03

It NK massastart foar froulju is moandeitejûn skrast yn ferbân mei it ferstjerren fan maratonreedrider Sjoerd Huisman. De 27-jierrige Huisman krige moandeitejûn thús in hertstilstân. Yn plak fan de massastart rieden de froulju ien rûntsje as earbetoan oan Sjoerd Huisman.

De langebaanreedriders dy't op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn aksje kamen bin allegear bot oandien. Elma de Vries is ferslein en kin it noch hieltyd net leauwe. Sy wie in goede freon fan Huisman.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)