Sintrumcross Surhústerfean

30 des 2013 - 20:40

Steatssekretaris Wilma Mansveld jout tongersdei it startskot by de sintrumcross yn Surhústerfean. Yn de wedstriid foar de manlju stiet ûnder oare it Nederlânske talint Lars van der Haar oan de start. By de froulju komt Olympysk kampioene en wrâldkampioene op de dyk en it fjild Marianne Vos yn aksje. Ek âld-hurdfytser Erik Dekker docht mei. De ploechlieder fan Belkin stiet oan de start by de wedstriid foar de masters.

De hurdfytsdei yn Surhústerfean begjint tongersdei om tsien oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)