Grut bakbarren yn Easterwâlde

30 des 2013 - 12:40

Tûzenen oaljekoeken en appelflappen wurde moandei bakt yn Easterwâlde. Alle jierren organisearret it doarp dêr in grutte aksje dêr't in hiel soad regelwurk by komt te sjen. Sa binne der ûnder oare appelskilers, oaljekoekebakkers en sjauffeurs nedich om it evenemint slagje te litten. Fjirtich frijwilligers bakke goed 4.000 appelflappen en 25.000 oaljekoeken. Dêrfoar is mear as 200 liter oalje nedich. Al mear as tritich jier wurdt dizze tradysje yn stân hâlden troch frijwilligers fan PKN-tsjerke It Anker yn Easterwâlde.

It jild dat mei de ferkeap ophelle wurdt, wurdt brûkt foar it opknappen fan it tsjerkegebou.

Trefwurden: 
Easterwâlde oaljekoeken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)