Eachdokter: fjoerwurkbril moat

30 des 2013 - 12:30

Fjoerwurk ôfstekke is net sûnder gefaar. Eachdokter Marc Talsma fan it Ljouwerter sikehûs MCL fynt dêrom dat elkenien in fjoerwurkbril drage moat. Ek fynt er dat yn elk fjoerwurkpakket in fjoerwurkbril sitte moat. Ofrûne jierwiksel binne yn Nederlân 23 minsken blyn wurden en noch folle mear eagen rekken beskeadige. Net allinne minsken dy't it fjoerwurk ôfstekke hawwe kâns op eachletsel, ek omstanners moatte der om tinke. De helte fan de slachtoffers is taskôger. De fjoerwurkbril is ûnder oare te krijen by it MCL.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)