Frou berôve fan tas

30 des 2013 - 11:36

In 57-jierrige frou út Ljouwert is sneintejûn slachtoffer wurden fan in strjitrôf. Se rûn yn de Jacob Binckestrjitte yn har wenplak doe't in ûnbekende man samar ynienen de tas fan har skouder luts en der dêrnei fantroch gong. It slachtoffer die oanjefte by de plysje.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)