Tinne krante troch fernielerij

30 des 2013 - 11:07

By in ynbraak yn it gebou fan de Ljouwerter Krante sneontenacht is de parse fernield. Dêrtroch binne sawol de Ljouwerter Krante as it Dagblad van het Noorden moandei in stik tinner. By de ynbraak yn it gebou oan de Sixmastrjitte yn Ljouwert binne de displays fan de parse fernield. Ek binne bloedspoaren by it stikkene rút fûn, dy't brûkt wurde yn de syktocht nei de ynbrekker. By it gebou steane no ekstra befeiligers.

De Dútske leveransier fan de parse hat nije ûnderdielen nei Ljouwert brocht. De ferwachting is dat de kranten fan tiisdei, mei de tradisjonele âldjiersbylage, wer gewoan ferskine kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)