Ferkeap fjoerwurk nimt ta

29 des 2013 - 16:09

Dit jier wurdt nei alle gedachten mear fjoerwurk ferkocht as de lêste jierren. Leveransier Schuurmans yn Ljouwert hat it der smoardrok mei. Mei 15 frachtweinen en likefolle buskes wurde de knallers en pylken ôflevere. Schuurmans leveret oan 350 winkels yn hiel Nederlân. Der binne ekstra minsken ynset om oan de fraach te foldwaan. Moandei en Aldjiersdei mei noch fjoerwurk ferkocht wurde. De earste ferkeapdei op sneon ferkocht de Ljouwerter leveransier sân prosint mear as de lêste jierren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)