Soad winkelskea troch kreak

29 des 2013 - 15:38

By de plofkreak sneintemoarn by de jildautomaat yn de Jumbosupermerk oan de Markt yn Wolvegea binne kostbere selsscankassa's fernield rekke. Net inkeld de jildautomaat, mar ek de muorre fan de winkel is troch de dieven mei eksplosiven fernield. Winkeleigener Bert Nicolai rûst allinnich al de skea oan de automatyske kassa's op 80.000 euro. Boubedriuw Dykstra wurket mei acht man oan it tichtmeitsjen fan de muorre en it meitsjen fan in tydlike yngong. De winkel wie op keapsnein wol iepen. Klanten koene troch de personielsyngong nei binnen.

Neist klanten kamen in soad minsken ek benammen om nei de skea te sjen. De yngong fan de Jumbo moat moandei wer klear wêze foar gebrûk. Eigener Nicolai wol net dat de jildautomaat wer weromkomt, hy fynt dat te gefaarlik. Yn de winkel hingje befeiligingskamera's dêr't de kreak op te sjen is. De plysje sil de bylden brûke by it ûndersyk. Wis is dat der jild meinommen is troch de dieders, mar hoefolle wol de plysje net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)