Hûn swier mishannele

Twa Ljouwerters (44 en 53) binne sneontejûn oanhâlden nei't se in hûn swier mishannele hienen. In bistedokter moast it bist ynsliepe litte. Bewenners fan de Curacaostraat yn Ljouwert hienen de plysje belle nei't se sjoen hienen dat it duo de hûn mishannele hie. De plysje trof it bist op strjitte oan. Nei oerlis mei de bistedokter is it bist ynsliept. Nei ûndersyk binne de Ljouwerters oanhâlden. It docht bliken dat de hûn fan Maria Bons wie. Se wie de lêste tiid yn it nijs doe't se mei har seis bern op strjitte bedarre.
It is ûndúdlik wêrom't de mannen de hûn mishannele hawwe. Dat wurdt noch ûndersocht.
Maria Bons seit dat se de hûn oan ien fan de fertochte Ljouwerters tafertroud hie, oant sy wer in hûs hie. De plysje hat de manlju snein wer frijlitten, se moatte meikoarten foarkomme.