Resten fan eksplosyf by kreak

29 des 2013 - 11:52

De EOD hat sneintemoarn by de plofkreak yn Wolvegea resten fan eksplosyf materiaal oantroffen. Earder op de moarn hat in plofkreak west by de automaat fan de supermerk oan de Markt. Fanwege it gefaar fan it eksplosyf is it gebiet fan de ôfsetting grutter makke nei 200 meter. Minsken hoege net evakuearre te wurden. De EOD hat it materiaal nei in frachtwein brocht om der in meunster fan te nimmen. It materiaal sil letter op de dei op in feilich plak ta ûntploffing brocht wurde. Fanwege it ûndersyk kin de plysje noch net by de automaat.

De ravaazje is grut, sawol de automaat as de gevel njonken de automaat binne opblaasd. Yn de muorre fan de winkel is in grut gat. De winkel is sneintemiddei wol iepen.

Trefwurden: 
Wolvegea EOD plofkreak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)