Autodief klemriden op A7

29 des 2013 - 11:35

Op de A7 by Drachten is sneontemiddei in 50-jierrige autodief fan De Jouwer nei in achterfolging oanhâlden troch de plysje. De man hie earder op de middei oan de Borgerstraat op De Jouwer in auto stellen. De eigener wie syn boadskippen oan it útladen en seach noch krekt dat de dief mei syn auto útnaaide. Hy gie der sels mei in oare auto achteroan en warskôge de plysje. Plysjeminsken seagen de auto riden op de A7 en joegen in stopteken, mar de autodief reagearre net. By Drachten is de man klemriden. De autodief moast mei nei it buro.

De stellen auto is ûnderwilens werom by de eigener op De Jouwer.

Trefwurden: 
plysje De Jouwer autodief
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)