Goed 200 kilo fjoerwurk yn hûs

© Omrop Fryslân
Yn in wenning yn Tersoal hat de plysje sneontemiddei in grutte partij konsumintefjoerwurk yn beslach nommen. Plysjes seagen dat in 25-jierrige ynwenner fan it plak de partij út de auto helle en sprutsen him oan. In partikulier mei net mear 25 kilo fjoerwurk ha. As dat mear is, moatte feilichheidsmaatregels naam wurde en is in fergunning nedich. Yn de auto en yn it hûs fan de man fûn de plysje goed 200 kilo konsumintefjoerwurk. Ek is in lytse himpkwekerij oantroffen dy't fuort ferneatige is.
It fjoerwurk is yn beslach naam. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.