Slaanderij yn Drachten

Plysje-embleem © ANP
In rúzje yn in hoarekagelegenheid oan de Noordkade yn Drachten is sneontenacht útdraaid op in fjochtpartij. In 23-jierrige man út De Pein hie spul krigen mei man fan 20 út Oerterp. Fan beide kanten is slein. It personiel fan de hoarekagelegenheid grypte yn en warskôge de plysje. Beide manlju hawwe oanjefte dien tsjin elkoar. Se binne beide oanhâlden en moasten mei nei it plysjeburo.