Te hurd op Snitser rûnwei

29 des 2013 - 10:28
Plysjeauto - Foto: ANP

Op de súdlike rûnwei fan Snits is sneon it rydbewiis ynnommen fan in man fan 69 jier út Schoorl, om't er fierstente hurd ried. Op dit stik dyk, de N7, mei 80 kilometer yn de oere riden wurde, mar de man ried 136 kilometer yn de oere. De plysje hat de man oan de kant set en proses ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Snits plysje
(advertinsje)
(advertinsje)