Frou stelt fyts op It Fean

© ANP XTRA
Op It Hearrenfean hat de plysje sneontejûn in frou fan De Jouwer oanhâlden. Se rûn yn de Stationstunnel mei in hearefyts dy't op slot wie sadat se it achtertsjil optille moast om der mei rinne te kinnen. De plysjes tochten dat de fyts wolris fan de stalling by it stasjon komme koe. Doe't de frou net útlizze koe wêrom't se dêr mei de fyts rûn, is nei meinaam nei it buro. Dêr sei se dat se de fyts stellen hie. Nei in proses-ferbaal mocht de Jouster wer nei hûs.