Saak Lubbers yn Snits ticht

De bekende griente- en fruitwinkel Lubbers oan de Ljouwerterdyk yn Snits is sneon foar it lêst iepen. De winkel waard eksploitearre troch Sjoerd de Vries, dy't ek bekend is as stedsomropper fan Snits. Neffens him woe de eigner fan it gebou dêr't de winkel yn siet de hier te bot ferheegje. Boppedat binne der plannen foar in werynrjochting fan de Ljouwerterdyk. Dêrtroch soe de winkel moannen lang min te berikken wêze. De Vries sil no fierder as bedriuwslieder fan in kafee.