Folle minder ferkearsdeaden

Yn Fryslân binne dit jier folle minder deaden yn it ferkear fallen as ferline jier. Der binne 16 minsken omkaam by ûngelokken. Dat is hast de helte minder as ferline jier doe't der 29 ferkearsslachtoffers wiene. Wat opfalt, is dat fan de ferkearsdeaden de helte boppe de 70 jier is. Ek binne relatyf in protte fuotgongers en fytsers omkommen yn it ferkear. De doelstelling fan de provinsje is dat yn 2025 net mear as 14 slachtoffers te betreurjen binne. Sûnt 2003 is der sprake fan in ôfname. Yn dat jier kamen 64 minsken om op de Fryske diken.
De provinsje giet troch mei it feiliger meitsjen fan gefaarlike ferkearssituaasjes fan diken mei krusings dêr't fytsers oerstekke moatte. Ek de kampanjes om ferkearsdielnimmers te wizen op har gedrach geane troch, lykas net mei drank op ride of mei tefolle medisinen achter it stjoer krûpe.