Yllegaal fjoerwurk op It Fean
De plysje hat freed yn in wenning yn de wyk De Greiden op It Hearrefean in grutte partij yllegaal fjoerwurk oantroffen. It giet om goed 25 kilo selsmakke bommen en fjoerwurkmortieren. Nei't de plysje tsjin de 19-jierrige fertochte proses-ferbaal opmakke hie, mocht de jonge it buro wer ferlitte.