Botsing mei fytser

28 des 2013 - 10:23

In 12-jierrige fytser út Ljouwert is freedtejûn ferwûne rekke. Op de Aldlânsdyk luts in 31-jierrige bestjoerster út Ljouwert op nei't se grien ljocht krigen hie. Ynienen seach se in fytser oankommen en trape fûl op de rem. Se koe de jonge net mear ûntwike en botste mei de fytser. Hy rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht. Nei alle gedachten fytste de jonge troch it reade ferkearsljocht.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)