Fryske befolking krimpt

28 des 2013 - 10:13

De Fryske befolking is dit jier op 'e nij ôfnaam, mei 330 persoanen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Friesch Dagblad. Fryslân telt goed 646.000 ynwenners. Ferline jier wie foar it earst yn jierren in lytse ôfname fan it tal ynwenners. Doe gong it om 44 persoanen. Yn de jierren dêrfoar wie der altyd sprake fan groei. De krimp fan de befolking wurdt al lang ferwachte. Ut de sifers fan it FD docht bliken dat noch mar 6 fan de 27 gemeenten groeie. Yn de measte gefallen giet it om hiele lytse oantallen.

Troch de weryndieling mei Boarnsterhim komt Ljouwert mei yngong fan it nije jier foar it earst boppe de 100.000 ynwenners. De krimp is it grutst yn Eaststellingwerf. Dy gemeente hat no 133 ynwenners minder. Neffens Nynke Talstra, adviseur leefberheid by Doarpswurk en lid fan it Fryske team demografyske ûntwikkelingen sil de befolking yn Fryslân de kommende desennia fierder ôfnimme tusken 2025 en 2040. Ek yn grutte wenplakken as Drachten en It Hearrefean sil dy tendins sichtber wêze. De groeiende fergrizing en in ôfnimmend bertesifer ferklearje dy tendins.

Trefwurden: 
krimp befolking
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)