Ut iten en fergees wer nei hûs

© Omrop Fryslân, Alle Faber
Ferfierder Arriva bringt Ljouwerters dy't út iten west ha yn de stêd fergees wer mei de bus nei hûs. Fan 15 desimber oant 1 maart yntrodusearret Arriva de saneamde Uit en Gratis Thuiskaart. Besikers fan tweinitich dielnimmende hoarekagelegenheden yn Ljouwert kinne har nei ôfrin fergees mei de bus thúsbringe litte.
Op fertoan fan in rittekaart fan de hinnereis, ûntfangt men in fergees retoerkaartsje foar de stedsbussen yn Ljouwert. De aksje wurdt stipe troch de Keninklike Horeka Nederlân en de provinsje.