Hospes yn wachtkeamer 500

27 des 2013 - 20:03

Jesper Hospes moat plaknimme yn de wachtkeamer foar in Olympysk startbewiis op de 500 meter. Lykas yn de earste omloop op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf einige Hospes ek yn de twadde omloop as fjirde (35,04). Allinnich de nûmers ien en twa fan it OKT binne no al wis fan in Olympysk plak.

Dat binne de broers Michel en Ronald Mulder. Michel wûn de twadde 500 meter yn 34,31. Broer Ronald einige as twadde yn 34,66. It tredde plak wie foar Jan Smeekens (34,80). Smeekens waard earder twad en hat de bêste kânsen op in Olympysk ticket.

Sjoerd de Vries waard sânde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)