Romme lilk nei hinderjen Nauta

27 des 2013 - 19:37

Gianni Romme, de coach fan Yvonne Nauta, ûndernimt stappen tsjin Linda de Vries fanwege it hinderjen op de 3 kilometer by it Olympisch kwalifikaasjetoernoai op Thialf. Yn de ûnderlinge rit hindere De Vries Nauto op de krusing. Neffens Romme giet it om ûnsportyf gedrach. Troch it hinderjen einige Nauta op it fjirde plak op de 3 kilometer en mist se dêrtroch in ticket foar de Olympyske Spelen yn Sotsji.

Nauta mocht nei ôfrin fan de rit in re-skate dwaan, mar seach dêr fan ôf. Linda de Vries waard fanwege it hinderjen diskwalifisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)