Twa NK-titels foar Norbruis

Hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp is freed Nederlânsk kampioene wurden op sawol de 500 meter tiidrit as de 3 kilometer achterfolging by it NK baanhurdfytsen yn Apeldoorn. Op de 500 meter ried se boppedat in wrâldrekôr, dat lykwols net offisjeel de boeken yngiet om't der yn Apeldoorn gjin dopingkontrôle holden wurdt.
Nettsjinsteande wiene de beide titels in geweldige opstekker foar Norbruis, dy't in dreech jier hie neidat se operearre waard oan har beide fuotten. Dochs wie se krekt op tiid wer fit om oan 'e start stean op it NK.