VVD stelt fragen oer Thialf

27 des 2013 - 17:40

VVD Fryslân hat skriftlik fragen steld oan Deputearre Steaten oer de oanbesteging fan de bou fan it Nije Thialf op It Hearrenfean. Ferline wike freed waard bekend dat de gunning foarearst nei Ballast Nedam út Nieuwegein giet. Dit ta grutte teloarstelling fan de Fryske boubedriuwen.

De VVD wol dúdlikheid fan de Steaten oer de effekten dy't dizze gunning hat op de wurkgelegenheid yn Fryslân. Sa wol de partij ûnder oare witte op hokker grûn Ballast Nedam de oanbesteging wûn hat en oft Fryske bouwers wol in reële kâns krigen ha om te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)