AB Fryslân buorket poerbêst

27 des 2013 - 17:18

Utstjoerburo AB Fryslân hat yn 2013 10% mear omset makke as yn 2012. Dêrmei docht AB Fryslân it opfallend goed, sjoen nei de lanlike sifers dy't in groei fan 2% sjen litte. It is de earste groei sûnt twa jier. Dat makke brânzje-organisaasje ABU freed bekend.

AB Fryslân konsintrearret him benammen op de food en agri-sektor, dy't net sa hurd rekke is troch de krisis. Boppedat hat AB der dit jier in tal nije klanten by krigen. Neffens kommersjeel direkteur Kasper van der Molen is de opgeande line ynset en giet it net om in tydlik ferskynsel.

Trefwurden: 
groei AB Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)