Fernielings by Thialf

27 des 2013 - 16:09
Plysjejas - Foto: ANP

Fandalen hawwe tongersdeitenacht fernielings oanrjochte oan de evenemintetinten op it terrein neist Thialf. De tinten waarden stikken snien. Ek moasten ferskate flaggemêsten it ûntjilde. Yn it iisstadion sels waard neat fernield. De plysje siket tsjûgen dy't wat sjoen hawwe.

(advertinsje)
(advertinsje)