Hoareka benaud foar nije wet

27 des 2013 - 16:04

De Fryske hoareka is benaud dat gemeenten fan 1 jannewaris ôf te min kontrolearje sille oft eigeners fan jeugdhonken en sportkantines har hâlde oan de nije drankwet. Fan 2014 ôf giet de minimumleeftiid foar de ferkeap fan drank fan 16 nei 18 jier. Guon gemeenten hawwe al oanjûn net fuortendaliks boetes út te dielen oan oertreders mar in warskôging te jaan.

Foarsitter Corné van de Erve fan de Fryske ôfdieling fan Horeka Nederland fynt dat der sprake is fan symboalpolityk. Hy tinkt dat it thúsdrinken op dizze wize oanmoedige wurdt.

Foar bygelyks diskoteken kin de ferheging fan de minimumleeftyd grutte gefolgen hawwe om't der gjin alkohol mear ferkocht wurde mei oan jongeren fan 16 en 17 jier.

Trefwurden: 
kontrôle drankwet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)