Bysûndere mossoart It Amelân

27 des 2013 - 13:24

Op It Amelân is in bysûndere mossoart fûn, de Fuscidea lightfootii. De fynst waard tongersdei dien troch Theo Kiewiet. Dy fûn it plantsje op ien fan de beammen yn it sintrum fan Nes. Tritich jier lyn waard de mossoart foar it lêst sjoen op it eilân.

Lanlik komt er ek net in soad foar. Nei de Veluwe en Katwijk is It Amelân it tredde plak. Dat de soart no op it eilân groeit is neffens Kiewiet in teken dat de lucht dêr skjin is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)