Ynbrekkers betrape yn Drachten

27 des 2013 - 12:07

De plysje hat tongersdeitejûn yn Drachten twa ynwenners fan dat plak fan 28 en 42 jier oanhâlden op fertinking fan in ynbraak. In bewenner fan in hûs oan de Alferhof betrape it duo, doe't se dwaande wiene om in televyzje fan de muorre te heljen. Der ûntstie in wrakseling wêrnei't de fertochten it hûs úteinlik ûntflechten. De bewenner belle de plysje en koe in goed sinjalemint jaan, omdat hy de manlju herkend hie.

De 42-jierrige fertochte melde him úteinlik sels op it buro en waard dêr ynsletten. Letter koe ek de oare man oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Drachten ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)