Ferfelende stapper oppakt

In ferfelende stapper fan 24 jier út Feanwâlden is tongersdeitenacht yn in diskoteek yn Noardburgum oanhâlden en oerdroegen oan de plysje. De man hie fierstente folle dronken en socht rúzje. De portiers namen him dêrom mei om him nei bûten te bringen.
By de útgong fernielde de Feanwâldster in deteksjepoartsje en dat wie reden foar de portiers om de plysje derby te heljen. Dy hat de man meinommen nei it buro, dêr't er de nacht fierder yn de sel trochbrocht hat.