Harnzer bellet 200 kear 112

27 des 2013 - 10:00
Foto: Omrop Fryslân, Douwe Boersma

De plysje hat earste krystdei in ynwenner fan Harns oppakt, omdat dy sûnder reden mear as 200 kear it alarmnûmer 1-1-2 belle. De 47-jierrige man moast oant healwei de twadde krystdei op it buro bliuwe en syn telefoan is yn beslach naam.

Takom jier moat de Harnzer him ferantwurdzje foar de rjochter.

Trefwurden: 
Harns 112
(advertinsje)
(advertinsje)