Huzumer tsjerke siket minsken

27 des 2013 - 09:49

De Huzumer doarpstsjerke yn Ljouwert siket minsken dy't meiwurkje wolle oan de iepening fan de tsjerke. Dy wurdt sûnt koart net mear brûkt foar tsjerklike doelen. In pleatslike kommisje besiket der no oare aktiviteiten yn te krijen. De start dêrfan is op 1 febrewaris.

De kommisje siket buertbewenners dy't by dy startbyienkomst optrede wolle. Minsken dy't in moai ferhaal oer de tsjerke fertelle kinne binne ek wolkom.

MInsken dy't belangstelling hawwe kinne harren opjaan fia dorpskerkhuizum@gmail.com.

Trefwurden: 
tsjerke Huzum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)