Tûzen besikers yn Fries Museum

26 des 2013 - 16:35

Ljouwert liket de earste positive effekten fan Serious Request no al te fernimmen. Op twadde krystdei hie it Fries Museum dat op it Saalân stiet, it smoardrok. Der kamen sa'n tûzen besikers. Dêrby sieten in soad minsken dy't lutsen wiene troch de bylden de ôfrûne wike fan it feest op it plein. Se woene ek noch efkes op it plein sjen dat foar it grutste part opromme is.

Neffens in meiwurkster hat Serious Request Ljouwert en ek it Fries Museum op de kaart set.

Trefwurden: 
Fries Museum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)