Aksjewike KNSB foar reedride

Sven Kramer © awfoto.nl
Reedrydbûn KNSB begjint twadde krystdei mei in spesjale aksjewike om it reedriden te promoatsjen. Yn it hiele lân binne aktiviteiten dêr't it publyk nei it riden sjen kin of sels de redens ûnderbine kin. Op Thialf op It Hearrenfean begjint twadde krystdei ek it kwalifikaasjetoernoai foar de Olympyske Spelen, dêr't de topriders har pleatse moatte foar Sotsji. It toernoai duorret oant en mei moandei. Snein en moandei is op It Hearrenfean ek it NK massastart.
Yn de aksjewike hâldt de iisklup fan Starum sneon in winterske kuiertocht by ferljochte pleatsen del. It is foar de tredde kear dat de 'KNSB Schaatsweek' hâlden wurdt.