Stekpartij yn Drachten

© ANP XTRA
Yn Drachten hat tiisdeitemiddei in stekpartij west. Dêrby is in man fan 37 jier ferwûne rekke. Hy waard stutsen troch syn freondinne, in frou fan 19 jier út Drachten. Se hiene spul mei elkoar krigen yn de wenning fan de frou. De man soe de frou slein hawwe en dêrnei soe se stutsen hawwe. Har freon rekke ferwûne oan de holle. De man en frou binne beide oanhâlden. Ut it ferhoar moat dúdlik wurde wat der bard is.