Fjochterij yn Ljouwert

25 des 2013 - 10:57
Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

In 15-jierrige jonge út Minnertsgea is tiisdeitenacht ferwûne rekke by fjochterij yn Ljouwert. Mei syn maten rekke er op de Wurdumerdyk belutsen by in fjochtpartij mei in oare groep jongeren. De Minnertsgeaster is mei in flesse op de holle slein en mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. In pear oare jongeren rekken licht ferwûne. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
(advertinsje)
(advertinsje)