Crone tefreden oer ferrin SR13

25 des 2013 - 10:33

De aksje Serious Request hat oer seis dagen ferspraat foar ûngefear 460.000 besikers yn Ljouwert soarge. Dat seit boargemaster Crone. Neffens him is it opfallend dat der mar sa'n bytsje ynsidinten west hawwe. Eins wie it rêstiger as in gewoane útgeansnacht yn it wykein. In plysjeman dy't tiisdeitenacht tsjinst hie yn de binnenstêd fan Ljouwert meldt op Twitter dat der 14 oanhâldings west hawwe. De gemeente brûkte draaiboeken dy't ek by in eventele Alvestêdetocht út de kast helle wurde.

Treinreizigers waarden bygelyks foar it stasjon yn Ljouwert al splitst, sadat reizgers nei Swolle, Harns, Grins en Snits net trochelkoar rûnen op de smelle perrons. Crone hat de lokwinsken krigen út Enschede, dêr't it Glêzen Hûs ferline jier stie. Takom jier wurdt de aksje hâlden yn Haarlem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)