Keukenbrân yn Wytmarsum

25 des 2013 - 08:21
Foto: ANP

Oan de Mounts yn Wytmarsum hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei brân west yn in wenhûs. It fjoer ûntstie yn de keuken fan it hûs. De brânwacht waard om kertier foar fiven hinne oproppen. Tsjin achten koe de auto fan Wytmarsum werom nei de kazerne. Neffens de brânwacht is troch fluch yngripen foarkommen dat it fjoer him fierder útwreide hat.

De bewenners hiene in reekmelder yn de hûs, wêrtroch't sy gau alaarm slaan koene.

Trefwurden: 
Wytmarsum keukenbrân
(advertinsje)
(advertinsje)