18.000 minsken op pleinen

24 des 2013 - 23:00

Op It Saailân en it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert wiene tiisdeitejûn nei skatting sa'n 18.000 minsken oanwêzich by it slotakkoart fan de aksje Serious Request. Dat hat de gemeente Ljouwert witte litten. It Aldehoustertsjerkhôf wie hielendal fol en ek op it Saailân koe der gjin ien mear by. De drokte hat gjin gefaarlike situaasjes opsmiten. Ek de ôftocht fan de feestgongers ferrûn goed foar safier bekend.

It grutte tal besikers op it Aldehoustertsjerkhôf soarge foar trillingen doe't tûzenen minsken tagelyk begûnen te springen op in nûmer as Tsunami. Under oare bewenners om it plein hinne soene hjir bot fan skrokken wêze. Neffens boargemaster Crone kinne de trillingen gjin kwea. Nei alle gedachten hat it gjin skea oanrjochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)