Tuskenstân SR 8.6 miljoen

24 des 2013 - 18:44

Om seis oere is in lêste tuskenstân bekendmakke fan de Serious Request aksje fan 3 FM. De teller stiet no op 8.629.802 euro. En dat bedrach is sa'n oerdel ton heger as foarich jier om itselde tiidstip. De aksje rint noch oant njoggen oere. Dan giet de doar wer iepen foar de trije DJ's yn it Glêzen Hûs. Serious Request hellet dit jier jild op foar it tsjingean fan diarree yn Afrika.

Trefwurden: 
Serious Request
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)