Finale foar Serious Request

Ljouwert is dwaande mei de finale fan seis dagen Serious Request yn de stêd. It Saailân streamde oan 'e ein fan 'e middei fol mei minsken dy't der by wêze wolle as de trije dj's om 21.00 oere út it Glêzen Hûs meie. En elkenien is fansels benijd nei de opbringst fan de aksje foar it Reade Krús. By de Aldehou is der in grut finalefeest.
De fraach is hoefolle jild der byelkoar brocht is foar de bestriding fan diarree by bern yn lannen lykas Boerûndy. Oer de hiele wrâld stjerre alle jierren 800.000 bern oan útdroeging as gefolch fan diarree.