Huistra fuort by De Graafschap

24 des 2013 - 16:11

Trainer Pieter Huistra fan De Graafschap hat tiisdei dien krige. Neffens de lieding fan de fuotbalklup út Doetinchem is Huistra ferantwurdlik foar in rige tsjinfallende resultaten. Op it stuit stiet De Graafschap sechsde yn de Jupiler League mei 13 punten minder as koprinner FC Dordrecht.

Huistra wie trainer sûnt it seizoen 2012-2013. De klup besjocht dizze wike wa't syn opfolger wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)