Ekdom's ytkafee: 86.000 euro

Gerard Ekdoms ytkafee yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert hat goed 86.000 euro opbrocht foar Serious Request. Dat is tiisdeitemiddei bekend makke. De dj fan radiostjoerder 3FM hie de ôfrûne dagen yn de âld-finzenis syn eigen ytgelegenheid. Seis dagen lang wie it it kafee útferkocht. Dat betsjutte 150 gasten per dei.
Jûns wiene der oanslutend noch optredens fan bands. De tagongsjilden fan dy optredens wiene ek bedoeld foar it goede doel.